Alyda Norbruis wol revâns foar Londen 2012

01 sep 2016 - 19:44

Fryslân hat mar leafst njoggen sporters, dy't nei de Paralympyske Spelen yn Rio de Janeiro tagean. Eltse dei stelle wy ien fan dizze topsporters oan jo foar.

Se hat al sân wrâldtitels binnen en dus is in gouden medalje gjin utopy. “Ik bin favoryt foar de 500 meter tiidrit op de baan. Sa wurd ik sjoen.” Mar dat dit no ekstra druk op Alyda Norbruis leit. “Nee, mear as myn bêst kin ik net dwaan.”

It is wat in klisjee, mar de hurdfytster leit it wol moai út. “Ik wit no ek hoe snel it feroarje kin, dus lis ik mysels gjin druk op. Ik kin goud winne. Dat wit ik. Mar as ik myn bêst dien ha, alles der úthelle ha en in oar is better dan kin ik mysels neat ferwite.”

Blinetermûntstekking

Dat it op it lêste momint ek oars gean kin, dat wit Alyda as gjin oar. Fjouwer jier lyn mei de Paralympyske Spelen yn Londen wie se ek favoryt, mar helle se gjin goud, mar sulver. Dat hie goud wêze kind as se gjin blinetermûntstekking oprûn hie. “Ik wie yn it bûtenlân en it wie sa koart foar it toernoai. Dat hat net holpen. Ja, dêr ha ik ferskriklik fan baald, mar dochs fielde it as it winnen fan goud.”

Handicap

Troch in soerstoftekoart by har berte hat se de sykte ceperale parese. In stoarnis yn de harsens, dat harsenferlamming feroarsaket. Dêrtroch hat Alyda oan de linkerkant problemen mei de oanstjoering fan har lichem. “Ik kin myn linkerfoet eins net brûke by it fytsen. Allinnich yn it begjin in hiel lyts bytsje.” Alyda nimt it foaral op tsjin dielnimmers mei ien foet. Dat liket ûnearlik. “Mar dat is it net. Wy wurde in soad test. Fergelykje it mar mei dopingkontrôles. Sa faak wurde wy ek kontrolearre om te sjen oft we noch wol echt in handicap ha en hoe swier dy is. Ik sit yn de C2-klasse en moat wol oan de easken foldwaan bliuwe.” Sa hat se no minder kâns op de dyk, omdat alle handicappen dêr byelkoar smiten binne. “Dêrtroch binne der in pear dy’t sa by my weiride. Mar op de baan feroaret der no neat.”

De Spelen

Dit jier moat it eins barre. Fjouwer jier lang de sterkste, mar dan op de Spelen de winst misrinne? “Dat is gjin opsje. Op de baan net. Op de dyk is de konkurrinsje folle grutter, mar op twa ûnderdielen op de baan meitsje ik echt kâns. Op de 500 meter tiidrit bin de grutste favoryt en by de yndividuele efterfolging meitsje ik ek kâns.”

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)