Subsydzje foar behear greidefûgels

26 aug 2016 - 15:09

De provinsje Fryslân stelt de kommende tiid 144.000 euro beskikber foar boeren dy't greidelân ynrjochte hawwe foar greidefûgels. Fan 27 augustus oant 29 oktober kinne boeren fia harren agrarysk kollektyf subsydzje oanfreegje. It giet om in tydlike subsydzjeregeling dêr't gjin maksimum oan sit.

It jild is bedoeld om it boerelân wieter te meitsjen. Bygelyks troch in heger wetterpeil. Hjirfoar is in subsydzje fan 100 euro de hektare beskikber.

Mei it jild kinne boeren al foar it greidefûgelseizoen fan takom jier maatregels nimme lykas it oanlizzen fan dammen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)