Foar 70.000 euro oan guod stellen by Stienzer bedriuw

26 aug 2016 - 14:48

By in ynbraak yn Garden Robots oan de Seerob yn Stiens hawwe dieven yn de nacht fan tiisdei op woansdei foar 70.000 euro oan guod stellen. It giet om robotmeaners, sitmeaners, elektrysk túnark, djoer ark út de wurkpleats en masines fan klanten. Dêrneist is ek it kantoar leechhelle, sels in kofjesetapparaat waard meinaam.

De dieven hawwe oan de achterkant fan de loads in rútsje ynslein, de grutte roldoar iependien en in buske nei binnen riden. De doar gie dêrnei wer ticht, sadat de ynbrekkers yn alle rêst wurkje koene.

Plysjes dy't ôfkamen op it lûd fan bewakingshûnen by buorlju hiene neat yn de gaten. De ynbraak wurdt ûndersocht, wêrby't ek kamerabylden besjoen wurde.

Trefwurden: 
ynbraak Stiens Garden Robots
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)