Feetransporteur bedrige fia ynternet nei efterlitten kij

26 aug 2016 - 14:28

De feetransporteur dy't woansdei syn trailer mei dêryn acht kij stean liet op de Ampèreleane yn Drachten, is fia ynternet slim bedrige. De man en syn gesin binne bot skrokken fan de anonime bedrigingen. Hy hat oanjefte dien by de plysje.

Bylden fan de trailer mei de kij dy't fanwege de hjitte wiet spuite waard troch de brânwacht, wiene dizze wike by alderhande media te sjen en smieten in soad reaksjes op. 

Neffens de transporteur wie der neat oan de hân. De trailer stie der noch gjin twa oeren en de lûken wiene iepen, sadat it fee genôch frisse lucht krige. Fanwege de waarmte stiene der mar acht kij yn de trailer, dêr't romte is foar it dûbele oantal. De transporteur foldocht mei dizze wurkwize oan de regels.

Misferstân

Dochs sil de man syn wurkwize oanpasse om bedrigingen tenei foar te kommen. Hy sil faker op en del ride en gjin trailers mear lâns de dyk stean litte. Dat smyt wol ekstra kosten op foar it bedriuw. Neffens de man is der ûnder it publyk net in soad kunde oer harren wurkwize en komme dêrtroch misferstannen foar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)