Oane Galama topfavoryt op NK fierljeppen Grypstsjerk

26 aug 2016 - 14:11
  • Oane Galama

De grutte favoryt op it Nederlânsk kampioenskip fierljeppen yn Grypstsjerk is Oane Galama. De ljepper út Wiuwert is yn topfoarm. Ofrûne woansdei kaam hy syn persoanlik rekôr fan 21.16 benei yn Drylts, en hy wûn de lêste fjouwer wedstriden op rige, ynklusyf it FK. Dat pr ljepte Galama twa jier lyn op it plak dêr't sneon it NK is, yn Grypstsjerk.

In oare kânshawwer is Jaco de Groot út Woerden. De regearjend Nederlânsk kampioen kaam woansdei noch ta 21.02. Mar ek seisfâldich NK winner Bart Helmholt út Burgum giet noch ien kear foar goud.

Helmholt ferbettere it nasjonale rekôr dit seizoen nei 21.64 m, en is dêrmei de iennige ljepper ea dy't oer de 21.50 meter kaam. Wy setten de winners fan de lêste 10 NK's (2006-2015) op in rige.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)