Streppel: "Blij met manier van spelen, nu tijd voor punten"

26 aug 2016 - 14:06
  • Trainer-coach Jurgen Streppel

Hy is bliid mei it spul fan syn team, mar it wurdt no wol tiid foar punten. Hearrenfeantrainer Jurgen Streppel helle oant no ta twa punten út trije wedstriden. "Ik ben tevreden met ons spel, maar we moeten in het zestienmetergebied scherper worden. Zelf de kansen afmaken en minder weggeven."

Streppel woe neat kwyt oer de opstelling, mar de kâns is grut dat Sam Larsson weromkomt yn de basis. Hy ferfangt dan Luciano Slagveer. Larsson wie earder blesseard oan syn ankel en siik.

Fermoedelike opstelling: Mulder, Marzo, St Juste, Van Aken, Bijker, Schaars, Namli, Van Amersfoort, Zeneli, Reza en Larsson.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)