"Zirocco Blue die it min yn Rio troch kombinaasje faktoaren"

26 aug 2016 - 13:52

Springruter Jur Vrieling tinkt dat de oarsaak fan de minne prestaasjes fan syn hynder Zirocco Blue by de Olympyske Spelen yn Rio in kombinaasje fan faktoaren west hat. Vrieling seit by RTV Noord dat it hynder, út de stâl fan Van de Lageweg yn Bears, topfit is en sa wer de Olympyske ring yn kin.

De ruter tinkt dat ûnder oare de reis dreech west hat. It wie waarm yn it fleantúch, Zirocco kaam der beswit út. It hynder fan ien fan de oare ruters waard siik ûnderweis. Zirocco Blue wegere oant fjouwer kear ta by de Olympyske wedstriden.

Vrieling waard diskwalifisearre doe't er it hynder te folle mei de swipe joech. De springruter nimt foarearst in moanne rêst om mentaal te herstellen fan syn minne Olympyske Spelen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)