Boargemaster Wassink: Skylge stelt grinzen oan gedrach

Boargemaster Bert Wassink fan Skylge sjocht net op fan de sifers fan RTLNieuws, dêr't út bliken docht dat it eilân lanlik op it tredde plak stiet fan meast hufterige gemeenten. Op it Waadeilân wurde de measte boeten simmers yn de fakânsjes útdield foar bygelyks wyldpisjen en oan jongerein dy't mei drank op trappearre wurde.
Neffens Wassink binne de sifers just goed. "De cijfers verrassen me niet. Ze zijn er een uitdrukking van dat we hier op Terschelling onze grenzen stellen en niet al het gedrag accepteren."