Flybjende Ljouwerter krijt hoarekaferbod

© ANP
In 27-jierrige Ljouwerter mei him it kommende jier net sjen litte yn de hoareka yn de stêd. De man waard freedtemoarn betiid út in hoarekagelegenheid set, nei't hy him dêr misdroegen hie. Doe't plysjes him kontrolearren, die bliken dat de man in falsk identiteitsbewiis by him hie.
De man wie balstjurrich en waard meinaam nei de plysje-auto om ôf te kuoljen. By de auto flibe de man in plysjeman yn it gesicht. Hy waard dêrnei meinaam nei it plysjeburo, dêr't hy in hoarekaferbod oplein krige.