Dijkstra Draisma bout nij beleefsintrum by Ofslútdyk

26 aug 2016 - 11:58

Bougroep Dijkstra Draisma fan Boalsert sil it nije Beleefsintrum De Nieuwe Afsluitdijk bouwe by Koarnwertersân. It gebou is in ûntwerp fan GEAR Architecten. Dat ha deputearre Klaas Kielstra en wethâlder Gea Akkerman fan de gemeente Súdwest-Fryslân freedtemoarn bekend makke.

Der wiene fjouwer kombinaasjes fan boubedriuwen en arsjitekteburo's útkeazen om in ûntwerp te meitsjen. It sintrum sil yn 2018 iepen gean foar it publyk. Earder waard al bekend dat Bert Kranendonk de eksploitant wurdt fan it sintrum.

Yn it beleefsintrum komme in eksposysjeromte, in restaurant en in bysûndere 4D-bioskoop, wêrby't minsken troch de seal sweve. It sintrum wurdt foar 3 miljoen euro boud en foar tsien jier ûnderhâlden. It boubedriuw en de arsjitekt kenne mekoar fan de Elfstedenhal yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)