Auto baarnt út yn Koudum, plysje siket tsjûgen

26 aug 2016 - 11:10

De plysje yn Koudum siket tsjûgen fan in autobrân yn de Douwe Epemastrjitte. Dêr baarnde tongersdeitejûn in auto út. De brânwacht wist foar te kommen dat it fjoer oersloech nei in hokje yn de buert fan de auto.

Om't der sprake is fan in fertochte situaasje, ûndersiket de plysje de oarsaak fan de brân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)