LTO ferwachtet hegere molkprizen

26 aug 2016 - 11:00

Nei jierren fan hieltyd legere molkprizen, sil de priis foar molke fan septimber ôf wer omheech gean. Dat seit de fakgroep melkfeehâlderij fan de LTO. Dy basearret dat op berjochten dat twa grutte suvelbedriuwen, Arla en Fonterra, de boeren mear betelje wolle foar de molke.

De ferwachting is dat FrieslandCampina folgje sil. Kommende moandei makket it bedriuw de molkpriis bekend. Dy gie de lêste jierren omleech fan 43 sint de kilo nei 25 sint de kilo. In soad boeren kamen dêrtroch yn de finansjele problemen.

No't boeren minder produsearje en de fraach út Sina tanimt, gean de prizen wer omheech.

Trefwurden: 
molkprizen LTO
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)