Doekle Terpstra gjin kandidaat foar kommissaris fan Fryslân

26 aug 2016 - 10:12

CDA'er Doekle Terpstra is gjin kandidaat om kommissaris fan de Kening yn Fryslân te wurden. Hy seit dat yn in ynterview foar it radioprogramma Buro de Vries fan Omrop Fryslân, dat no snein útstjoerd wurdt. Doekle Terpstra wie jierren foarsitter fan it fakbûn CNV en bestjoersfoarsitter fan ûnder mear reedsridersbûn KNSB en hegeskoalle InHolland.

De namme fan de Fries om utens wurdt geregeld neamd by fakatueres foar wichtige funksjes yn it iepenbier bestjoer, benammen yn Fryslân. 

Terpstra begrypt dat wol, mar fynt dat er soksoarte funksjes net mear nedich hat om it wurk te dwaan dêr't er him goed by fielt. Doekle Terpstra hat in eigen advysburo yn syn wenplak Leerdam en is fierder noch kommissaris by in tal organisaasjes.

It radioprogramma Buro de Vries is der snein om 11 oere mei in dûbelpetear mei Doekle Terpstra en syn broer Sybren, dy't einredakteur Nijs & Sport by Omrop Fryslân is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)