Wynboeren binne bliid mei it waarme waar

25 aug 2016 - 22:04
  • Druvetros yn de wyngerd fan Wijndomein Frederique yn Waskemar

Nettsjinsteande it moaie waar is it noch lang net wis oft it in goed wynjier wurdt. Dat seit Fred Rademaker fan Wijndomein Frederique yn Waskemar. It kin per plak al hiel bot ferskille oft it in goed jier is foar in wynboer of net. In hagelbui kin bygelyks foar grutte gefolgen soargje.

Wynboeren binne wol bliid mei it waarme waar, omdat de druven dan swiet wurde. Mocht it waar sa bliuwe, dan wurdt it neffens Fred Rademaker absolút in topjier.

Yn it wykein fan 24 en 25 septimber is it iepen hûs op Wijndomein Frederique yn Waskemar. Tsjin dy tiid is it ek dúdlik oft it in goed wynjier is of net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)