"Skylge is meast hufterige gemeente fan Fryslân"

© Facebook, Politie Leeuwarden e.o.
Skylge is de meast hufterige gemeente yn ús provinsje. Dat docht bliken út in ynventarisaasje fan Buurtfacts fan RTL Nieuws oer it jier 2015. It Waadeilân stiet lanlik op plak trije as it giet om boeten dy't útdield binne foar bygelyks wyldpisjen, fersmoarging, ride sûnder rydbewiis en hûnestront.
Yn totaal binne der op it Waadeilân 559 boeten útdield op 10.000 ynwenners. Dochs binne mar 54 boeten útdield oan de eigen ynwenners, de rest komt op rekken fan de toeristen dy't it eilân oandogge.
De earstfolgjende huftergemeente yn Fryslân is Ljouwert, dy't mei 157 boeten per 10.000 ynwenners op plak 49 stiet. De gemeente Littenseradiel stiet op plak 389 en is dêrmei de minst hufterige gemeente fan Fryslân, en de op ien nei minst-hufterige gemeente fan Nederlân. Allinnich Bellingwedde yn Grinslân hat minder hufterboeten: 4 op 10.000 ynwenners, tsjinoer 6 op 10.000 yn Littenseradiel. Amsterdam (761) fiert de list oan as meast hufterige gemeente fan Nederlân. Op it twadde plak stiet Den Haag (698).