'Abstracte Natuur' langer te sjen yn Museum Heerenveen

25 aug 2016 - 21:06

De fotomanifestaasje Abstracte Natuur yn Museum Heerenveen is ferlinge. Troch de goeie reaksjes hat it museum besletten om de tentoanstelling langer iepen te hâlden. Abstracte Natuur lit wurk sjen fan de Feriening Natuerfotografen Fryslân. De bêste Fryske natuerfoto's fan dizze feriening binne troch in tentoanstellingskommisje útsocht foar de eksposysje.

De Feriening Natuerfotografen Fryslân sjocht benammen nei foarmen, struktueren, linen en kleuren yn de natuer, en net sa bot nei bisten of planten. De tentoanstelling is no noch te sjen oant 4 septimber.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)