Roeister Ymkje Clevering wurdt tredde by WK-23

25 aug 2016 - 19:53

Ymkje Clevering fan Haulerwyk is tongersdei tredde wurden op it WK roeien ûnder de 23 yn Rotterdam. Clevering docht mei oan it roeien yn de kategoary 'vierzonder', mei Hermijnje Drenth, Eline Feitsma, en Veronique Meester. Yn de finale moasten se Amearika en Roemenië foar har gean litte.

Clevering roeit gewoanwei by Gyas yn Grins.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)