Keatsen kinne je tenei sels leare yn it nije keatsmuseum

25 aug 2016 - 18:59

It nije keatsmuseum yn Frjentsjer is klear foar de offisjele iepening fan takom wike tongersdei. Der is de ôfrûne tiid hurd wurke oan in nije ûnderkommen foar it museum, sûnt it âlde museum ticht gie yn 2014. Wol is der it ien en oare feroare yn it museum, want tenei kinne besikers sels it keatsen leare op in spulkompjûter.

Dat is ek de trend fan de lêste jierren; de belibbing. "Der moat wat te dwaan wêze", sa seit Jan Hiemstra fan it museum. It moat dan ek in modern, ynteraktyf museum wurde, dat ek jongerein lûke wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)