"Nije koälysje Achtkarspelen sil krystdagen net helje"

25 aug 2016 - 18:29
  • Riedsgearkomste yn Achtkarspelen

De nije koälysje yn de gemeente Achtkarspelen sil de krystdagen net helje. Alteast, dat tinkt opposysjepartij Gemeentebelangen. Dizze partij siet earst al yn de koälysje, mar dy klapte goed in moanne lyn, en yn de nije koälysje fan PvdA mei CDA en ChristenUnie, docht de partij net mear mei.

PvdA is kweadogger

Gemeentebelangen hat der gjin fertrouwen yn dat de nije koälysje lang stân hâlde sil. En dat leit oan ien partij, seit riedslid Frans Hoekstra. "De PvdA is in partij dêr't je net mei ûnderhannelje kinne. Dêr kinne je net mei prate. En as wy aanst yn de opposysje sitte, sille wy hiel kritysk sjen hokker streken de PvdA no wer úthellet."

Ferwyt

De koälysje fan Achtkarspelen sneuvele, doe't de PvdA, de FNP en Gemeentebelangen in ferskil fan miening krigen oer it brûken fan jild fan it sosjale domein, foar bygelyks grienfoarsjenning en pjutteboartersplakken.

Hoekstra ferwyt de PvdA dat se doe op foarhân mei oare partijen ôfspraken makke ha, sûnder earst de koälysjegenoaten te benaderjen. "As jo op foarhân al net iens mei je koälysjepartners op gelikense foet fergaderje kinne, dan kinne je dat aansten mei oare partijen ek net. Of it pluche moat sa goed wêze dat je safolle wetter by de wyn dogge, dat je gjin wyn oerhâlde, mar soer wetter."

Gjin reaksje

De PvdA wol foarearst gjin offisjele reaksje jaan. De partij hat mei de koälysjepgenoaten ôfpraat dat se net reagearje foardat de koälysjeplannen yn kalk en semint binne. Se ferwize nei formateur Joop Atsma as wurdfierder.

Joop Atsma

Atsma seit dat er yn de begjinfaze mei alle partijen praat hat, en dat dit de iennige foar de hân lizzende mearderheid wie. Atsma ferwachtet dat it folsleine akkoart nije wike bekend makke wurdt. It debat hjiroer moat plakfine yn de riedseal, seit er, en net yn de media.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)