Zoltan Szomoru nije supporterskoördinator SC Cambuur

25 aug 2016 - 18:13
  • Stockfoto Cambuur stadion

De 36-jierrige Zoltan Szomoru is de nije supporterskoördinator by sportklup Cambuur. Hy sil fan 1 septimber ôf oan de slach as oansprekpunt foar alle supporters fan de fuotbalklup. Szomoru is al sûnt syn tolfde supporter fan Cambuur, en hat al 18 jier in seizoenkaart by de klup. Hy hat ek in tal jierren dwaande west as jongereinwurker en is yn dy funksje ek belutsen west by Cambuur Verbindt, de maatskiplike stichting fan Cambuur.

Brêge

De supporterskoördinator moat in brêge wêze tusken de fans en de fuotbalklup. Der wurdt fan Szomoru frege om aktyf yn petear te gean mei ferskate supportersgroepen, en om oplossingen te finen as der soargen of problemen binne. "Ik ben er trots op dat ik me al zo lang Cambuur-supporter mag noemen", seit Szomuru op de klupwebside fan Cambuur. "Waar passie en emoties hand in hand gaan heb je ook te maken met verschillende meningen en daar liggen volgens mij juist veel kansen! Dat vind ik een schitterende uitdaging en ik heb vreselijk veel zin om hier met de verschillende partijen aan te gaan werken!"

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)