FIDEO: Kroechbaas is nije brêgewipper fan Baard

25 aug 2016 - 17:42
  • Brêge Baard

Kroechbaas Jaap Prins fan Baard is de kommende moannen de nije brêgewipper fan it doarp Baard. In oplieding dêrfoar hat er net hân, mar hy wit wol hoe't it moat. De kroechbaas docht dit yn it ramt fan it projekt Right to Challenge fan de provinsje. Sy binne in projekt start wêryn't minsken foar in skoft provinsjale taken oernimme.

Foarhinne wie der in aparte brêgewipper yn Baard. No't Jaap Prins brêgewipper is, kin hy sa no en dan ek efkes út syn drokke kafee, dat hy tegearre mei syn frou en soan runt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)