Seekadetten De Lemmer bewake bommewerper yn de Iselmar

25 aug 2016 - 17:16

De bommewerper út de Twadde Wrâldoarloch dy't yn de Iselmar delstoarte sil ynkoarten burgen wurde. In stikje Iselmar is dêrfoar drûchlein en in gebiet fan ûngefear in fjouwerkante kilometer dêrom hinne ôfset. It is no offisjeel militêr terrein. Om te soargjen dat der gjin nijsgjirrige boatsjefarders yn 'e buert fan it drûchleine gebiet mei de âlde bommewerper komme, binne de seekadetten fan De Lemmer ynskeakele. Fanút harren bommeveger De Roermond hâlde se de boel yn de gaten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)