Cambuur fit foar Helmond Sport

25 aug 2016 - 17:13

De seleksje fan Cambuur is sa goed as fit foar de wedstriid freed tsjin Helmond Sport. Chiro N'Toko ferliet tongersdei mei in blessuere de training, mar it falt allegear ta. Hy kin spylje. Trainer Rob Maas begjint mei deselde alve spilers as yn de wedstriid moandei tsjin De Graafschap. Jordy van Deelen is noch altyd blesseard. Michiel Hemmen begjint wer yn de spits, hoewol 't hy oant no ta net wist te skoaren. "Dat gaat wel komen" sa sei trainer Maas. Martijn Barto sit op it finketou. Hy foel in pear kear goed yn, mar begjint wer op de bank.

Ninos Gouriye is ek net hielendal fit. Ek hy begjint op de bank.
Opstelling Cambuur: Nienhuis; Anderson, Steenvoorden, N'Toko, Peersman; Bakker, Monteiro, Van der Streek; Hoefdraad, Hemmen, Gyasi.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)