Ark stellen by stoart gemeente

10 maaie 2012 - 11:26

De plysje hat woansdeitejûn in 38-jierrige man út Broeksterwâld oanhâlden omdat er ark stellen hie fan it gemeentlik stoart yn Damwâld.

Tsjûgen hiene de man op it stoart oan de Koaileane sjoen en doe't de plysje him oanhold waard yn syn auto in tas mei ark fûn. De ôfrûne tiid is folle faker guod fan it terrein stellen. De plysje ûndersiket oft de man dêr ek ferantwurdlik foar is.

Trefwurden: 
stellerij stoart Koaileane
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)