Flater gemeente Ljouwert: poadia Psy-Fi stean ferkeard

De poadia fan it festival Psy-Fi stean ferkeard troch in flater fan de gemeente Ljouwert. Dat seit wethâlder Houkje Rijpstra fan Tytsjerksteradiel. It wie de bedoeling dat de poadia sa opsteld waarden dat de doarpen sa min mooglik oerlêst krije soene fan de muzyk, mar by it ferlienen fan de fergunning hat de gemeente Ljouwert lykwols de ferkearde plattegrûn brûkt. De flater kaam pas ferline wike oan it ljocht. De gemeente Ljouwert hat gelyk tajûn dat it ferkeard gien is, mar der wie neat mear oan te dwaan.
Fernuvere
De organisaasje fan it festival is fernuvere oer it ferhaal fan beide gemeenten. De poadia stean hielendal net ferkeard, sa seit Wiebe Kootstra fan it festival. Neffens him giet alles dit jier neffens plan.
Se hawwe dan ek in soad maatregels naam om oerlêst foar te kommen. Sa mei der net mear oeral parkearre wurde. Wa't dat wol dochs kin in boete ferwachtsje. Der binne al 40 auto's fuortsleept. Yn ferbân mei it waarme waar binne der boppedat ekstra maatregels naam.