Olympyske turners snein huldige op It Hearrenfean

25 aug 2016 - 15:52

Turnster Sanne Wevers wurdt no snein huldige foar it heljen fan de Olympyske titel op de balke. Om fiif oere middeis wurdt de turnster yn it sintsje set. Njonken har wurde ek turners Epke Zonderland, Lieke Wevers en Celine van Gerner huldige. Ek de trainers en coaches fan de suksesfolle turnploech wurde by de huldiging belutsen. Boargemaster Tjeerd van der Zwan en wethâlder Jelle Zoetendal binne fanút de gemeente oanwêzich om de sporters te huldigjen. De feestlikheden fine plak yn it sintrum fan It Hearrenfean, op de Oude Koemarkt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)