Aksjewike 'NIX zonder ID': mear ferantwurdlikens by jongeren

25 aug 2016 - 15:33
  • kampanjeposter 'NIX zonder ID'

Jongeren moatte fuortendaliks klear stean mei harren ID as se tabak of alkohol keapje wolle. Dat fynt it Trimbos Instituut dy't har dwaande hâldt mei ferslavingsprevinsje. Gewoanwei wurde jongeren oant 25 jier frege om harren ID sjen te litten. Mar faak hawwe sy dy net fuortendaliks paraat. Om it foar winkels makliker te meitsjen om jongeren te kontrolearjen, en om foar te kommen dat ferkeappunten ûnnedich yn de fout gean mei de nije wetjouwing, soe mear ferantwurdlikheid by de jongeren komme moatte te lizzen.

PR-materiaal

Dêrom wurdt der yn septimber de wike 'NIX zonder ID' organisearre. Yn Fryslân docht ûnder oaren de gemeente Weststellingwerf hjiroan mei. Yn de wike 'NIX zonder ID' wurdt op ferskate plakken omtinken frege foar it ûnderwerp. De gemeente stipet de hoareka ûnder oaren mei PR-materiaal wêrmei't jongeren oant 25 jier frege wurdt harren ID yn de oanslach te hawwen as se tabak of alkohol keapje wolle.

"Wij vinden dit een mooi initiatief, de nadruk wordt gelegd op de verantwoordelijkheid die jongeren zelf hebben bij het kopen van alcohol of tabak", seit Sjoerdje Monsma fan de gemeente Weststellingwerf. "Voor de alcoholverstrekkers, zoals horeca, winkeliers en barvrijwilligers in dorpshuizen en sportkantines wordt het op deze manier gemakkelijker om de leeftijdsgrens van 18 jaar voor alcoholverkoop na te leven."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)