Glemmer Beach slút him oan by KH2018

In eardere edysje fan Glemmerbeach © Harrie Muis
It Glemmer Beach Festival slút him oan by Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. Neffens de organisaasje wurdt sa in stap set nei in breed droegen kultureel en maatskiplik evenemint yn de provinsje. Dat is ien fan de belangrykste doelstellingen fan Kulturele Haadstêd.
Boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren makket de stap no sneon offisjeel, op de lêste dei fan Glemmer Beach.