Boalserter jonkjes fine hynstekaak út iistiid op Teksel

25 aug 2016 - 14:30
  • Evan en Matteo mei de hynstekaak

Twa jonkjes út Boalsert hawwe op Teksel in hynstekaak út de iistiid fûn. Dat meldt RTV Noord-Holland. Matteo fan trije en Evan fan fiif jier wienen mei har âlden op it eilân op fakânsje. Se tochten op it strân in grutte skulp fûn te hawwen, mar nei in oprop op Twitter die bliken dat it om in iuwenâlde kaak gie.

De jonkjes hawwe har fynst mei nei hûs naam, mar bringe dy dit wykein werom nei it eilân. Dêr krijt de kaak in plakje yn natuersintrum Ecomare.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)