Aai mei libjend embryo fan hûnshaai fûn op Skiermûntseach

It besikerssintrum Skiermûntseach © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Op it strân fan Skiermûntseach is in aai fan in haai fûn mei deryn in libjend embryo. Sieger Rozendal en Cor Visser seagen it aai yn it wetter by it strân driuwen en namen it mei nei it Besikerssintrum Nasjonaal Park Skiermûntseach.
Meiwurkers ha it aai op kweek yn sâlt wetter set en hoopje dat it útkomt. Dêrnei wurdt it jong útset. It bard net faak dat der in aai mei in embryo fûn wurdt, meastentiids binne se leech. It giet neffens it besikerssintrum om in hûnshaai, dy't in meter lang wurde kin. De soarte is net gefaarlik foar minsken.