Ljouwert skinkt kofje en ranja om oerlêst goed te meitsjen

25 aug 2016 - 12:44

Minsken dy't kommende sneontemoarn oer de Valeriusstrjitte yn Ljouwert ride, kinne in bakje kofje of bekerke ranja ferwachtsje. De gemeente dielt dy dan út, fanwegen oerlêst yn de strjitte. It kommend wykein en it wykein dêrnei wurdt der noch oan en om de Valeriusstrjitte wurke.

De strjitte sels is de ôfrûne tiid al opknapt, de kommende twa wykeinen is it Valeriusplein oan bar. Om de situaasje feilich te hâlden, wurde ûnder it wurk ferkearsregelers ynset. Ek binne der omliedingsrûtes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)