Fryske wettersportsektor sit nei jierren wer yn 'e lift

25 aug 2016 - 12:27

It giet stadichoan wer wat better mei de wettersportsektor yn Fryslân. Benammen twaddehânsk boaten wurde hieltyd mear ferkocht en ek de ferhier giet omheech. Dat docht bliken út sifers fan de wettersportorganisaasje HISWA.

Jierren gie it troch de krisis net goed mei de wettersportsektor. Ek yn Fryslân wie dit goed te fernimmen, sa seit Romkje Groothedde fan Boot Akkrum. Sy moasten it de ôfrûne jierren foaral ha fan it ûnderhâld fan boaten, mar sûnt 2015 wurde der wer folle mear boaten ferkocht.

De boaten wurde meastentiids kocht troch gesinnen of minsken dy't hast of krekt mei pensjoen binne. Dêrom fynt se dat der noch wol in grutte slach makke wurde moat ûnder de jongeren. Dizze groep moat neffens har ynteresse krije yn wettersport troch bygelyks op skoalle mear les te jaan yn silen, surfen en suppen, sadat de wettersport ek populêr bliuwt yn de takomst.

Trefwurden: 
wettersport Fryslân Hiswa
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)