Toeriste rôlet by seedyk del

10 maaie 2012 - 10:27

In Dútske toeriste is woansdeitemiddei by Ballum op It Amelân mei de fyts by de seedyk delrekke en yn it slyk fan it Waad bedarre. De 43-jierrige frou út Emsdetten wie net goed wurden. Omstanners ferlienden earste help en ek de KNRM kaam yn aksje.

Ambulânsepersoniel hat de frou neisjoen en nei har fakânsje-akkomodaasje brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)