Sjauffeur krijt proses-ferbaal foar efterlitten kij

25 aug 2016 - 12:14

De Nederlandse Voedsel- en Waren Autoriteit (NVWA) hat woansdei proses-ferbaal opmakke tsjin de sjauffeur fan de trailer mei acht kij, dy't yn de folle sinne efterlitten wie op de Ampèreleane yn Drachten. De brânwacht rukte út om de kij te kuoljen. De bisten hiene sichtber te lijen fan de hjitte.

Uteinlik melde de sjauffeur him. Hy hie de trailer in pear oeren derfoar efterlitten om mei syn frachtwein by in oar bedriuw oare kij op te heljen. It is yn Nederlân ferbean om mei kij fan it iene bedriuw it hiem fan in oar bedriuw op te riden.

Neffens de NVWA hie de man syn trailer fanwegen it waarme waar yn it skaad delsette moatten. De NVWA sil besjen oft der oanlieding is foar it jaan fan in boete of dat it by in warskôging bliuwt.

Trefwurden: 
kij brânwacht Drachten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)