Lûde Ljouwerter rekket muzykynstallaasje kwyt nei oerlêst

25 aug 2016 - 11:18

In 29-jierrige Ljouwerter moat it de kommende tiid sûnder syn muzykynstallaasje dwaan. Dy is woansdeitejûn yn beslach naam troch de plysje nei in melding fan lûdsoerlêst yn de Corellistrjitte. De plysje koe sels ek dúdlik hearre dat de man de muzyk te lûd hie.

De Ljouwerter woe it lûd net minderje en wegere de plysje binnen te litten. Nei't de plysjes fan hegerhân tastimming krigen om de wenning yn te gean, koene se dochs nei binnen en namen se de apparatuer mei. De bewenner krige proses-ferbaal.

Trefwurden: 
lûdsoerlêst Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)