Jonge snorfytser mei drank op moat rydbewiis ynleverje

25 aug 2016 - 10:05
  • rydbewiis

In 21-jierrige Ljouwerter snorfytser is tongersdeitemoarn betiid oanhâlden foar it riden mei drank op. De man waard op de Twabaksmerk oan de kant set. Hy moast foar in blaasproef mei nei it buro. Dêr die bliken dat hy tefolle drank op hie.

De man waard earder al ris foar itselde fergryp oanhâlden. Mei omdat er in begjinnend bestjoerder is, is syn rydbewiis dêrom yn beslach naam. Dêrneist is proses-ferbaal opmakke en krige de man in rydferbod.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)