Kollum: "De Olympyske gedachte"

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers.Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels . Ferdinand is te folgjen op Twitter.
"Ferline wike wie it FK fierljeppen yn Winsum. Ik wit net of jimme der wat fan sjoen ha, mar it wie streekrjocht te folgjen by de Omrop. Oane Galama wûn it by de topklassers en dat wie moai foar him. Mar, hoe tinke jim dat de oaren harren fielden doe’t se de ôfstân fan dy earste 21 metersprong fan de dei seagen? Hoe soe bygelyks Bart Helmholt der nei sjoen ha? Soe er tocht ha fan, no, it is moai waar en we binne in dei fuort? Of soe er tocht ha, dit is leuk, mar ik sil ferdikke sjen dat ik fierder kom? It lêste liket my op it topnivo, dêr’t Helmholt al jierren op ljept, mear foar de hân lizzend.
Dochsto ek oan sport, frege my lêstendeis immen. Ja, passyf in hiel soad en ja, ik rin. Net drave, mar gewoan rekreatyf rinne. Net mei it doel om fan immen te winnen of der it bêste yn te wurden, mar om de sinnen te fersetten en om wat yn beweging te bliuwen. Dat is in hiele oare wize fan benadering as bygelyks Bart Helmholt of Dafne Schippers ha. As Max Verstappen op in dei op in nij sirkwy oankomt dêr’t er noch net earder west hat en syn kwalifikaasje docht, tinke jim dan dat er fan de omjouwing genietet en tinkt fan och, dizze kear mar wat kalm oan, it waar is prachtich en wat sil ik my ynspanne? Of soe er gewoan syn uterste bêst dwaan om it fluchste rûntsje te riden, leafst mei blynkapen op om sa min mooglik fan syn taak ôflieden te wurden? Neffens my is hy genôch topsporter om altyd foar it heechste te gean.
Wat sei Dafne Schippers yn Rio nei har twadde plak op de 200 meter? Dat se baalde en der net fan genietsje koe. Sjoch, dat is de ynstelling dêr’t ik fan hâld as it op topsport oankomt. It meast freeslike dat je oerkomme kin, is dat je as topsporter twadde wurde. Want dat wie net it doel. Jo wolle earste wurde. As je foar de hobby allinnich of mei in ploegje wat oan sport dogge, is in twadde plak prima. Jo bliuwe der fit mei en it ûntspant. Neat mis mei. Mar echte topsporters ha it smoar yn as se twadde wurde. Je trene je net fjouwer jier it swit op it gebit om je troch in oar der ôf rûn, fytst of balle te wurden. Jan Ykema syn sulver op de 500 meter yn Calgary is ien fan de pear sulveren plakken dy’t we noch witte. Omdat dy as goud fielde.
Der is in grut ferskil tusken topsport en rekreative sport. Ik begryp dan ek hiel goed de frustraasje fan de chef de mission fan Nederlân en stypje him yn syn teloarstelling oer it oantal helle prizen. Yn it foar hie Maurits Hendriks him der mear fan foarsteld. Hy wie sels in gemiddelde hockeyer, mar waard troch hurd wurkjen en stúdzje in topcoach. Hy fynt neat oan fjirde plakken. Hy wol winne. Net foar neat kamen der klachten oer syn perfeksjonistyske oanpak. Dat hie Gerjan Verbeek ek by Feyenoord. Dy woe ek it bêste út syn team helje en dat waard net begrepen troch, meast âldere ‘fedetten’.
Al dy meideinende Nederlanners yn it Holland Host Heineken House dy’t sa op it skik binne mei de medaljes dy’t ‘we’ helle ha, ik fyn it wol bêst, hear. Mar de meast ûnterjochte en weardeleaze útdrukking dy’t der is, is de Olympyske gedachte. Meidwaan is wichtiger as winne. Dat is in útdrukking dy’t net by topsport heart, mar by rekreative sport. As jo sa goed binne dat je nei de Olympyske Spelen kinne, moat de kwalifikaasje-eask sa heech wêze dat je der net hinne gean om it meidwaan, mar om in kâns te meitsjen om te winnen. Freegje Dafne Schippers en Bart Helmholt mar. En al de oaren dy’t kâns op goud hienen en it net helle ha. Dy binne folslein terjochte yn de earste emoasje absolút net bliid mei it twadde plak. En dat fyn ik moai."