Marit Bouwmeester fynt lintsje "supergrutte eare"

25 aug 2016 - 08:52

"Echt sa'n supergrutte eare", sa neamt sylster Marit Bouwmeester fan Warten har beneaming ta ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau. Se krige it lintsje woansdeitemiddei út hannen fan minister Edith Schippers fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport foar har gouden medalje by de Olympyske Spelen yn Rio.

Bouwmeester: "Fjouwer jier ferlyn doe't ik sulver wûn, seach ik al in bytsje mei in jaloersk each nei de sporters dy't wol goud hiene. Dat ik no nei 80 jier de earste Nederlanner bin dy't goud wint yn de sylboat, dêr bin ik supertrots op."

Marit Bouwmeester wurdt sneon ek noch in kear huldige yn Warten. Dêrnei sil se har wer konsintrearje op har sport. "Ik wol no gewoan hiel folle fan alles. Ik gean no foar mear wrâldtitels en Olympyske medaljes, want twa is altyd better as ien." Yn oktober set Bouwmeester ôf nei Tokio om dêr alfêst it Olympysk wedstriidwetter fan 2020 te besjen.

Trefwurden: 
Marit Bouwmeester silen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)