Rydbewizen ôfpakt en boetes útdield oan hurdriders

© Omrop Fryslân
In 46-jierrige hurdrider fan It Hearrenfean is woansdeitejûn syn rydbewiis kwytrekke nei't hy mei mear as 200 kilometer oer de Heak om Ljouwert ried. It maksimum dêr is 100 kilometer. Ek in 53-jierrige bestjoerder út it Dútske Keulen moast syn rydbewiis ynleverje. Dizze man ried mei 170 kilometer oer de N31.
Fiif oare bestjoerders rieden ek te hurd en krigen in boete. Ien bestjoerder krige in bekeuring om't hy it reade krús boppe de dyk by de wurksumheden oan it akwadukt yn de N31 negearre.