Koälysje Achtkarspelen: "definityf gjin keapsnein"

Riedsgearkomste yn Achtkarspelen © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De nije koälysje fan Achtkarspelen wol definityf gjin keapsnein ynfiere. Ek wolle de partijen út Caparis stappe en in eigen Maatschappelijke Onderneming Achtkarspelen oprjochtsje. Dêrneist wurde de besunigings op it grienûnderhâld fan de gemeente weromdraaid. It binne inkelde punten út it konsept-akkoart tusken CDA, ChristenUnie en PvdA. Dy makken ferline wike bekend in nije koälysje te foarmjen, neidat in moanne earder de gearwurking tusken FNP, GBA en PvdA klapt wie.
Om't partijen der dêrnei sels net útkamen mei in nije koälysje, is Joop Atsma doe ynformateur wurden. Under syn lieding is de nije koälysje ûntstien. Dy ferwachtet yn de rin fan nije wike it koälysje-akkoart rûn te hawwen en ek de nije wethâlders presintearje te kinnen.