ONS Boso Snits fljocht út de beker tsjin De Dijk

24 aug 2016 - 21:55
  • O.N.S. BOSO Snits

ONS Boso Snits is woansdeitejûn útskeakele yn de twadde foarronde fan it KNVB bekertoernoai. De Snitsers ferlearen thús mei 2-1 fan De Dijk út Amsterdam. Dennis Kaars makke de iennige goal yn de earste helte foar de Amsterdammers. Nei rest kaam ONS op likense hichte troch Fabian Stevens, mar yn de 74ste minút stie Snits wer op efterstân. 

Hoewol´t beide ploegen oan inoar weage wienen, bleau it 2-1 yn it foardiel fan De Dijk. Takom sneon spilet ONS de Fryske derby tsjin Harkemase Boys, dat woansdei wol wûn fan Magreb´90 yn Utrecht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)