Oane Galama wint Fryslân Cup yn Drylts

Fierljepper Oane Galama hat mei in werhelling fan syn persoanlik rekôr de Fryslân Cup yn Drylts wûn. Hy ljepte 21.16 meter. De wedstriid yn Drylts woansdeitejûn wie in generale foar it NK fan kommend wykein yn Grypstsjerk. Yn dat plak ljepte Galama twa jier lyn syn pr foar it earst.
Efter Galama einige Nard Brandsma op plak twa mei 20.39. Tredde waard Thewis Hobma mei 19.54. By de froulju gong de winst nei Marrit van der Wal (14.86), by de junioaren wie Jan Teade Nauta de bêste (18.20).
De winst by de jonges en famkes gong nei Hessel Haanstra (16.68) en Bente Vlas (14.50).
De wedstriid yn Drylts wie net allinnich de generale foar it NK, it wie ek de lêste ljepperij foar it Gouden Rige-klassemint. De winners dêrfan binne Oane Galama (senioaren), Marrit van der Wal (froulju), Freark Kramer (junioaren), Jarich Wijnstra (jonges) en Sigrid Bokma (famkes).