Sjoukje Visser: "Fantastysk, mar bin hielendal kapot"

24 aug 2016 - 21:26

"Dit is fantastysk. Mar ik bin echt hielendal kapot." Keatster Sjoukje Visser skittere op har lêste PC. Mei Ilse Tuinenga en Manon Scheepstra pakte Visser mei oermacht de oerwinning. "Sjoukje stond te slaan als een beest", komplimintearre kollega Scheepstra Visser. De froulju wienen tige bliid mei de oerwinning.

Twa kear winst

Foar Tuinenga wie it in hûndert prosint score: twa PC's, twa kear winst. "Dit is echt fantastysk. De start wie wat dreech, mar de heale finale en de finale gongen super." Wylst Scheepstra fûn dat har partoer yn de finale net op de top spile. "Wij waren vooral heel degelijk. Het was jammer dat de tegenstander zoveel ballen buiten sloeg."

Debút

Dy tsjinstanner, dat wie it partoer Wiljo Sijbrandij, Sandra Hofstra en Louise Krol. Foar Krol wie it har debút op de PC. Benammen de earste omloop wie in útdaging, want Krol-en-dy stienen tsjinoer it favorite partoer fan Anne Monfils. "Dat we dy wûnen wie fantastysk. En ek de twadde omloop gong goed. En ja, de finale. Sille we it dêr mar net mear oer ha?"

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)