Wurksumheden by stasjonsgebiet Ljouwert yn folle gong

24 aug 2016 - 23:00

It ferkear by it stasjonsgebiet yn Ljouwert hat fan tongersdei ôf mei in oare situaasje te krijen. Auto's moatte dan oer in soarte fan grutte rotonde om it Aegon gebou hinne. Foar fytsers en kuierders wurdt de situaasje ek oars. De nije rûte is nedich, fanwegen de feiligens op de wurkpleats.

Neffens Ynze Haitsma fan de gemeente Ljouwert betsjut de feroaring by it stasjonsgebiet net dat it ferkear in protte omride moat, mar hy tinkt wol dat minsken wenne moatte. Der sil mei buorden oanjûn wurde hokker rûte it ferkear folgje moat.

Op de webside kinne jo op in kaartsje sjen hoe't de nije situaasje der út komt te sjen.

Trefwurden: 
stasjon Ljouwert ferbouwing
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)