Skimmel bedriget seegers yn de Waadsee

It seegers dat ynsiedde is yn de Waadsee, hat lêst fan skimmel. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Radboud Universiteit yn Nijmegen en de Rijksuniversiteit yn Grins. It wie de ûndersikers opfallen dat it ynsiedde sied fan it seegers hast net groeide. En no docht bliken wêrom: der sit in skimmel yn.
Skimmel
It giet om in foarm fan Phytophthora, dy't benammen bekend is fan de ierappelsykte. It docht bliken dat de skimmel net allinnich yn it seegers sit dat yn de Waadsee plante is, mar ek yn it gers dat op oare plakken yn Europa en Amearika foarkomt. Troch de skimmel groeit it seegers folle minder goed: mar trije prosint fan de siedsjes komt út.
Oplossing
De ûndersikers sykje no nei oplossings tsjin de skimmel. It bêste liket op dit momint om it sied fan it seegers foar it siedzjen te behanneljen mei in koperoplossing. Dizze metoade wurdt al sûnt de 19e iuw yn de lânbou brûkt en is dêr tige suksesfol. Oft it ek foar it seegers wurket, moat noch bliken dwaan, mar de earste resultaten binne neffens de ûndersiker hoopfol.