Harkemase Boys wint thriller yn foarronde KNVB beker

© Awfoto.nl
Harkemase Boys hat woansdeitejûn de KNVB bekerwedstriid tsjin Magreb'90 nei strafskoppen wûn. Nei ferlinging stie it 5-5, wêrnei´t de Harkemasters by de penaltys better wienen. Yn Utrecht kaam de ploech fan trainer Henk Herder al nei ien minút op efterstân. In kertier letter makken de Harkemasters fia Matthijs Hardijk lyk. Nei in goed healoere spyljen kaam de thúsploech wer op in 2-1 foarsprong, mar Arton Musliu sette syn ploech yn de lêste sekonden fan de earste helte op likense hichte.
Yn it begjin fan 'e twadde helte wie Magreb sterker as de besikers. Mei de ein yn sicht kamen de manlju út Utrecht yn de 84ste minút op in 3-2 foarsprong. De nederlaach foar de Harkemasters like der te kommen, mar Arton Musliu rêde syn ploech yn blessueretiid. Troch in doelpunt fan Schokker yn de ferlinging kamen de gasten op 3-4. Efkes letter makke Heine Uuldriks de 3-5, mar Magreb makke mei twa doelpunten dochs lyk.
Nei in spannende strafskoppesearje wûnen de Harkemasters. Dit wykein wurdt der lotte foar de folgjende wedstriden.