Gemeente Amelân ferbiedt wettergefjocht

24 aug 2016 - 20:32

De gemeente Amelân hat woansdei in stokje stutsen foar in grut wettergefjocht dat dy dei plak fine soe. Op sosjale media wie dêrfoar in oprop dien, mar de gemeente wie net op de hichte. Om't dy fûn dat de feilichheid net garandearre wurde koe, hat dy it evenemint ferbean.

Boargemaster Albert de Hoop hat yntusken in petear hân mei de inisjatyfnimmer fan it wettergefjocht om te sjen oft it op in oar momint wol trochgean kin. In oare datum is der lykwols noch net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)