Hjitteprotokol ynsteld by soarchsintrum yn Grou

25 aug 2016 - 06:15

Yn soarchsintrum Friesma State yn Grou is fanwege it waarme waar it hjitteprotokol yn wurking steld. Alderen kinne in protte lêst ha fan de waarmte en mei hege temperatueren moat der goed tafersjoch op harren wêze. Yn it hjitteprotokol stiet ûnder oare dat der goed om it drinken fan wetter troch de âlderen tocht wurde moat en dat se net tefolle ynspanning leverje.

Alle bewenners ha ek in hantlieding krigen hoe't se goed omgean kinne mei it waarme waar. As tip wurdt sein dat se sa no en dan in koele handoek yn de nekke lizze kinne en dat se de ramen ticht hâlde moatte as it bûten waarmer is as binnen. It is dizze simmer noch mar ien kear earder foarkaam dat it hjitteprotokol brûkt waard yn Friesma State.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)