Ynwenners Súdwest-Fryslân meie stimme op moaiste monumint

24 aug 2016 - 20:15

Wat is it moaiste monumint fan de gemeente Súdwest-Fryslân? Dêr meie de ynwenners har oer útsprekke. In groep spesjalisten hat al in foarseleksje makke fan tweintich monuminten. Dêr kin no op stimd wurde. Der binne fiif kategoryen: Beakens yn de romte, Dappere Friezen, Leauwen yn Súdwest-Fryslân, Libje mei it wetter en stedske grutskens.

Op de Facebookside fan de gemeente kin fan nije wike ôf alle dagen stimd wurde. Op Iepen Monumintedei, 10 septimber, wurde de winners bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)