Boskalis leit wâl oan op fûgeleilân Gryn

25 aug 2016 - 05:45

De kommende seis wiken wurdt der hurd wurke op it oars sa rêstige Waadeilân Gryn. It eilân wurdt hieltyd lytser, trochdat der in soad sân fuortspielt troch de Waadsee. Gryn kromp somtiden wol mei mear as tsien meter yn it jier. Om dat tsjin te gean, lizze meiwurkers fan baggerbedriuw Boskalis foar it eilân in ekstra wâl oan. De inisjatyfnimmers fan it wurk, Natuurmonumenten en Rykswettersteat, hoopje dat Gryn dan wer langer mei kin. As der neat oan dien waard, soe it eilân oer sa'n fyftich jier wierskynlik fuortspield wêze.

Neffens boskwachter Erik Jansen kinne se wer foarút sjen: "Het eiland kan nu weer minimaal 25 jaar mee." Jansen fynt it ek wichtich dat it wurk dien wurdt foar de fûgels. Der binne in soad briedfûgels en boppedat wurdt Gryn ek as tuskenstasjon brûkt troch trekfûgels. Om de oerlêst te beheinen wurdt it wurk no útfierd. Sa hawwe de fûgels en oare bisten lykas seehûnen der sa min mooglik lêst fan.

It is net foar it earst dat der maatregels naam binne om Gryn te fersterkjen. Ek yn 1957 en 1982 is der wurke om it eilân steviger te meitsjen.

Trefwurden: 
Gryn Waadsee wurksumheden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)